Gjin hynstemusikal GOA by FEC

16 apr 2003 - 00:00

De hynstemusikal GOA wurdt dit jier op 'e nij net by it FEC yn Ljouwert opfierd. De hynstemusikal hie tastimming frege oan de gemeente om yn novimber sân dagen lang foarstellings te jaan yn in tinte by it FEC.

De gemeente fynt dat de foarstellings te folle oerlêst opsmite foar de omjouwing en wol de tastimming net ferliene. Earder hiene se dy al tasein. It FEC is djip teloarsteld en oerwaget no juridyske stappen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)