Rûnliedings yn it Frysk

© Omrop Fryslân
Friezen dy't nei de bylde-útstalling Den Haag Sculptuur geane, kinne dêr ek in rûnlieding yn it Frysk krije. De organisaasje biedt dy mooglikheid oan njonken rûnliedings yn it Dúts, Spaans, Frâns en Ingels.
Den Haag Sculptuur is in jierliks evenemint wêrby't ferneamde byldhouwers har wurk yn de iepen loft, oan de Lange Voorhout útstalle. De eksposysje wurdt faor de 6e kear holden, mar foar it earst mei Frysktalige rûnliedings.