Mear wurkleasheid yn Fryslân

© Omrop Fryslân
De wurkleasheid yn Fryslân is de earste trije moanne fan dit jier flink tanommen. Ferline jier maart siet 1 fan de 11 Friezen sûnder baan. No is dat al 1 op de 10. Dat docht bliken út de jongste sifers fan it CWI yn Noard-Nederlân, it Sintrum foar Wurk en Ynkommen.
Gewoanwei kinne der yn ferbân mei seizoensynfloeden yn maart wer wat mear minsken oan it wurk. Yn Fryslân is dat ek sa, mar wol minder as foarich jier.