Presintaasje feiligensplan Snits

15 apr 2003 - 00:00

De gemeente Snits hat in plan presintearre om de wiken Lemmerwei- East, Lemmerwei-West, Sperkhem-Túndoarp en de binnenstêd feiliger te meitsjen. It strjitgeweld, kriminaliteit, sosjale ûnfeiligens en ferkearsûnfeiligens moatte werom brocht wurde.

Dit moat barre troch mear plysjetafersjoch, oerlis yn de wykplatfoarmen en in gruttere sosjale kontrôle. Eventueel kameratafersjoch hâldt it kolleezje noch op berie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)