Oerol skrast trije lokaasjes

© Omrop Fryslân
It Oerolfestival sjocht ôf fan trije mooglike lokaasjes op Skylge om't it wichtige fûgelrêstplakken binne. Dat hat artistyk direkteur Joop Mulder tiisdei witte litten.
De festivalorganisaasje hie ekolooch Zumkehr opdracht jûn om de oerlêst foar de natuer troch it festival yn kaart te bringen. Zumkehr konstatearre dat de bûtendykse waadgebieten De Ans en 't Sehaal net brûkt wurde kinne. Ek it boartoerplak sil skrast wurde.