Juweliers freegje maatregels

© Omrop Fryslân
Mear maatregels en gearwurking tusken ûndernimmer, gemeente en plysje om de feilichheid fan juweliers te garandearjen. Dat wol de kommisje Veiligheid Juweliersbranche.
It oantal oerfallen nimt ta en dêr moat wat oan dien wurde. De kommisje advisearret om easken fan wolstân ûndergeskikt te meitsjen oan easken fan feiligens. Ek kameratafersjoch moat makliker wurde.