Dochs hierwenten Frijheidswyk

© Omrop Fryslân
De Ljouwerter Frijheidswyk krijt dochs nije hierwenten. Boppedat wurdt it tal keapwenten mei in tún beheind. Yn de nijste plannen is der romte foar twa appartemintekompleksen mei elk 50 apparteminten. Ien kompleks foar hierders en ien foar keapers.
Dat makke Wenningboukorporaasje Nieuw Wonen Friesland tiisdei bekend. Foar de 450 te slopen hierwenten yn de Frijheidswyk soene earst allinnich sa'n 250 keapwenten komme.