Popakademy siket studinten

© Omrop Fryslân
De Hanzehegeskoalle yn Grins is út ein set mei it winnen fan studinten foar de Popakademy yn Ljouwert. De oplieding is in inisjatyf fan de Hanzehegeskoalle en begjint yn septimber. Der is plak foar 50 studinten, mar de ferwachting is dat wol 200 minsken har oanmelde sille.
Der is jierren praat oer de komst fan de Popakademy nei Ljouwert. Grutste obstakel it lêste jier wie de lokaasje. Uteinlik is keazen foar it Fryslânhûs oan Achter de Hoven.