Reiskosten boufakkers yn 'e kiif

15 apr 2003 - 00:00

De fergoeding fan reisoeren foar boufakkers moat opnij besjoen wurde. Dat fynt Bouwned Noord, de grutste belange-organisaasje foar boubedriuwen.

By de lêste ûnderhannelings is de fergoeding fan de reisoeren foar boufakkers mei in soad muoite yn de CAO fêstlein. Op dit stuit giet it lykwols min yn de bou. Guon boubedriuwen hawwe al minsken ûntslein. Boubedriuwen soene flink besparje kinne by it ôfskaffen fan reiskostefergoeding.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)