Grinzer rederij pikt Boom op

© Omrop Fryslân
De rederij Seatrade Reefer Chartering út Grins sil de sike seesiler Arie Boom út Harns takom moanne fergees werombringe nei Europa. Boom is op it stuit ûnderweis fan Sint Maarten nei de Dominikaanske Republyk.
Dêr sil er troch in skip fan de rederij oppikt wurde. De eardere rêdingsboat- skipper is yn septimber 2002 begûn mei in wrâldreis. Om't er te folle lêst krijt fan syn izersteapelingssykte moat er de reis earder ôfbrekke.