Programmarie wol Eurosport werom

14 apr 2003 - 00:00

De programmarie Fryslân bringt 1 maaie advys út oer it stjoerderpakket sa't dat der fan 1 septimber ôf útsjen moat. De rie wol dat Eurosport en TRT werom komme en dat Arte en BBC World derby komme. As der net genôch rûmte is foar de nije stjoerders, meie The Box en Telsell ferdwine.

De programmarie is it net iens mei it feit dat UPC in stjoerder as Cartoon Network achter in decoder docht. De rie hat gemeenterieden om stipe frege.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)