AFUK fiert 75-jierrich bestean

© Omrop Fryslân
De AFUK bestiet dit jier 75 jier. Dat sil op 26 april fierd wurde mei in grut feest yn de Harmonie yn Ljouwert. Der is dan in sympoasium oer de takomst fan it Frysk en foar de leafhawwers is der de TV-taalkwis Tûkelteammen.
Foar de bern is der in foarstelling fan Tomke en der kin tekene en kleure wurde mei Helena de Boer, yllustrator fan Bear Boeloe. Ek is der in útstalling oer 75 jier AFUK. De AFUK fersoarget ûnder oare Fryske kursussen.