FNP krijt soad telefoantsjes

© Omrop Fryslân
De FNP krijt in soad telefoantsjes binnen fan ûngerêste leden. Dat fanwege in artikel yn de Ljouwerter Krante fan ôfrûne sneon. Dêryn stie dat CDA en PvdA mei de FNP in nij kolleezje foarmje wolle. De FNP soe syn 'njet' tsjin de sweeftrein dan nuansearje.
Dat ferhaal sjit in protte leden yn it ferkearde kielsgat. De FNP seit lykwols dat it berjocht net doocht en dat se tsjin de sweeftrein bliuwe. Tongersdei wurdt fierder praat mei de ynformateurs