Goed wykein foar Harkemase Boys

© Omrop Fryslân
De Harkemase Boys die sneontejûn goeie saken by Drachtster Boys. De harekiten wûnen ridlik maklik mei 0-2 en bliuwe dêrtroch oan kop yn 'e Haadklasse C. De konkurrinsje liet punten lizze, wêrtroch't de kâns op it kampioenskip in stik grutter wurdt.
Yn Drachten seagen trijetûzen minsken dat Alwin Kooistra flak foar rêst de skoare iepene. Yn 'e twadde helte skoarde Jan van Raalte út in penalty. Letter miste er ek noch in penalty.