Brune float lulk oer belesting

12 apr 2003 - 00:00

De Harnzer brune sylfloat is lulk oer it foarnimmen fan b. en w. om toeristebelesting yn te fieren. De belesting kostet de brune float sa'n 40.000 euro yn 't jier. Harns wurdt dêrmei in bysûnder djoere haven foar de float, sa fine de skippers.

Op de floatdagen wurde dit wykein út protest tsjin de toeristebelesting pamfletten útdield. Boargemaster Arlman fan Harns sil nije wike prate mei de skippers fan 'e brune float.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)