'Mear tafersjoch ferfier fûgels'

© Omrop Fryslân
Der moat mear tafersjoch komme op it ferfier fan fûgels om fierdere fersprieding fan it fûgelpestfirus foar te kommen. Dat seit feedokter Jan de Boer fan Ryptsjerk. Hy sit foar syn wurk as feedokter yn it fûgelpestgebiet en is belutsen by de rommingen.
De oanblik fan sike hinnen is dramatysk, sa seit De Boer. It firus giet no rjochting it Suden. Neffens De Boer komt de fersprieding troch minsken en moat der stranger kontrolearre wurde.