Staking treinskjinmakkers bliuwt

12 apr 2003 - 00:00

De treinen fan NoordNed wurde foarearst net skjinmakke. It Ljouwerter skjinmakkersbedriuw Nivo Noord ferlear freed it koart pleit, wêryn it bedriuw de rjochter frege om fierdere stakings te ferbieden. Mar de rjochter stelde Nivo Noord yn it ûngelyk. Neffens de rjochter is de aksje fan de skjinmakkers net ûnrjochtmjittich.

De skjinmakkers stake al in pear wike foar in bettere CAO.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)