Cambuur gelyk tsjin Telstar

12 apr 2003 - 00:00

Cambuur spile freed thús mei 1-1 gelyk tsjin Stormvogels/Telstar. Cambuur kaam yn 'e 38ste minút op foarsprong troch in goal fan Jan Bruin. Yn 'e 65ste minút wurke Willem Hupkes de bal achter syn eigen keeper Rody Hoegee en dêrmei waard de einstân bepaald op 1-1.

Yn it Cambuurstadion waard in soad neipraat oer de fjochtpartij tusken Dave Rogers en Hakim Chatouani op de training. Dave Rogers is troch it bestjoer út de seleksje helle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)