Fryske formaasje ek ûnder druk

© Omrop Fryslân
It ôfbrekken fan de kabinetsformaasje hat ek gefolgen foar de foarming fan in kolleezje fan Deputearre Steaten yn Fryslân. Dat seit de foarsitter fan de PvdA-fraksje, Anita Andriesen.
Benammen op it mêd fan de finânsjes bliuwt no in soad ûnwis. It wurdt earst bygelyks net dúdlik hoefolle jild de provinsje yn de takomst krijt fan it Ryk, sadat it lestich is provinsjaal belied te meitsjen. Andriesen jout oan noch wol betrouwen te hawwen yn it CDA.