Utstel belesting plomfeehâlders

© Omrop Fryslân
Plomfeebedriuwen yn Achtkarspelen hoege earst gjin gemeentlike belesting te beteljen. De gemeente wol sa bedriuwen yn 'e mjitte komme dy't finansjele skea ha fan de fûgelpest. Achtkarspelen hat sa'n 25 plomfeebedriuwen of bedriuwen dy't der mei anneks binne.
It giet foarearst om útstel fan beteljen, net om kwytskellen. Dat moat apart oanfrege wurde. Achtkarspelen is ien fan de earste gemeentes dy't troffen boeren yn 'e mjitte komt.