Oanhâldings poging ta deaslach

11 apr 2003 - 00:00

De plysje hat seis jonges oanhôlden op fertinking fan in poging ta deaslach. De jonges soene begjin febrewaris yn Makkum in tweintich kilo swiere slachtersmasjine oer in skutting goaid hawwe, wylst sy wisten dat dêrefter in skoutinggroep lei te sliepen.

De masjine kaam telâne op in man fan 21, út Lúkswâlde. Dy rekke swier ferwûne oan de holle. De seis fertochten komme allegear út de Wûnseradiel. Ien fan har hat al bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)