Soad aaisikers bekeurd

© Omrop Fryslân
De plysje hat yn de aaisikerstiid hast ien op de fiif aaisikers op de bon slingere. Fan de 390 minsken dy't kontrolearre binne, hiene 71 aaisykers har saken net yn oarder. De plysje hat 17 aaien yn beslach nommen.
De plysje lette foaral op it al of net yn besit hawwen fan in aaisykerskaart of neisoarchpas. Ek it tal fûne aaien waard kontrolearre. Ien persoan wie tige dôfhûdich: hy krige trije kear in proses-ferbaal fan de plysje.