"Ofbrekken formaasje minne saak"

© Omrop Fryslân
It ôfbrekken fan de kabinetsformaasje tusken CDA en PvdA kin grutte gefolgen ha foar Fryslân. Dat is de miening fan PvdA-Twadde Keamerlid Jacques Tichelaar en in soad oare Fryske politisi.
Beide partijen hiene yn de ûnder- hannelings in akkoart berikt oer de finansiering fan ûnder oare de Heak om Ljouwert en de ferdûbeling fan de dyk Harns-Surch. Tichelaar is benaud dat dizze ôfspraken faai komme te stean as der in kabinet komt fan CDA, VVD en LPF.