Saranti keapet ûnderkommen

12 mrt 2012 - 13:57

Bernesirkus Saranti yn Ljouwert hat it eigen ûnderkommen kocht. Al jierren sitte se yn in hierd gebou oan de Goudenregenstrjitte yn Ljouwert. Dat wie eigendom fan in tal âlden dy't de bern op de sirkusskoalle hiene. Mar de eigeners wolle it gebou no ferkeapje.

De stichting dy't de sirkusskoalle beheart, hat it gebou oankocht. Dêr hat boargemaster Crone by holpen. Hy hat derfoar soarge dat der jild út fûnsen en in hypoteek kaam. Sirkusskoalle Saranti bestiet 53 jier en hat fjirtich leden.

Trefwurden: 
Ferd Crone Saranti
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)