Sibon fjouwer wedstriden skorst

© Omrop Fryslân
Gerald Sibon fan SC Hearrenfean is foar fjouwer wedstriden skorst. Dat is ien wedstriid mear as in eardere straf, dêr't Sibon tsjin yn berop gie.
Sibon sloech op 22 maart Feyenoorder Gérard de Nooijer mei syn earmtakke. Skiedsrjochter Jol hie it net sjoen, mar op grûn fan tv-bylden stelde de oanklager in ûndersyk yn. Dêrnei waard de spits in skikkingsfoarstel dien. Sibon giet yn berop tsjin de útspraak.