De Wijnberg moat foar part ticht

© Omrop Fryslân
Hotel De Wijnberg yn Boalsert mei de earste, twadde en tredde ferdjipping fan it hotel net mear brûke. De gemeente Boalsert hat dat besletten om't it gebou net brânfeilich is. De Wijnberg hie eins oant 1 maaie de tiid om de saken foar elkoar te krijen, mar slagget dêr net yn.
Grolsch Vastgoed soe earder it hotel oernimme. Dat giet no net mear troch. De Wijnberg wol nei de rjochter stappe om it ferbod oan te fjochtsjen.