'AZC's ombouwe ta finzenissen'

© Omrop Fryslân
Asylsikerssintra soene omboud wurde moatte ta finzenissen om it selletekoart op te lossen. PvdA-Twadde Keamerlid Straub sjocht wol wat yn dit idee fan de fakbûnen. Straub sei dat tongersdei op in aksjebyienkomst fan it finzenispersoneel.
It personeel komt yn ferset tsjin de plannen fan de minister om mear minsken yn ien sel te stoppen. Yn maaie set dêrfoar in proef út ein yn sân finzenissen.