Ferwûne by ynstoarten gevel

© Omrop Fryslân
By in bedriuwsûngefal yn Gytsjerk is tongersdei in 48-jierrige man út Ljouwert ferwûne rekke. De man wie dwaande mei de sloop fan in hûs, wêrtroch't in part fan de gevel nei ûnderen kaam.
De man stie op in ljedder en woe derôf springe, mar foel op 'e grûn. It slachtoffer rekke ferwûne oan 'e rêch. In traumahelikopter waard derby roppen mar de man rekke úteinlik mei in ambulânse nei it sikehûs.