3 jier sel en TBS yn sedesaak

10 apr 2003 - 00:00

De rjochtbank yn Ljouwert hat de haadfertochte yn in grutte sedesaak yn Ljouwert feroardiele ta trije jier sel en TBS mei twangferpleging. Tsjin de fertochte wie allinnich trije jier sel easke.

De rjochtbank achtet bewiisd dat de 44-jierrige Ljouwerter seks hie mei minderjierrige jonges. Dat die hy op syn wenboat yn Ljouwert. De rjochtbank hat de Ljouwerter TBS oplein, omdat de kâns op herhelling grut is.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)