Nooitgedagt:eksterne saakkundige
In eksterne saakkundige kin besjen oft de ferpleatsing fan beitelfabryk Nooitgedagt fan Drylts nei Ingelân, neffens de Nederlânske regels is. Dat is it advys fan de fakbûnen oan de ûndernimmingsried fan Nooitgedagt. De UR besjocht oft it mooglik is sa'n eksterne saakkundige yn te skeakeljen.
De produksje fan beitels wurdt oerbrocht nei Sheffield. Yn Drylts ferlieze dêrtroch sawat 25 minsken har wurk.