Wjerstân tsjin nij museum Amelân

09 apr 2003 - 00:00

It plan fan in nij natuermuseum yn de dunen fan Amelân soarget foar in protte wjerstân. 150 eilânbewenners wiene tiisdei op in ynformaasjejûn. Dêr is it plan, dat 10.000.000 euro kostet, presintearre.

De Amelanner befolking is net te sprekken oer de plannen. Se sjogge nijbou yn de natuer net sitten. Noch foar de simmer wolle de inisjatyfnimmers dúdlikens oer de bou fan in nij natuermuseum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)