Limonade oanspield op Skier

09 apr 2003 - 00:00

Strânjutters ha woansdeitemoarn tsientallen flessen limonade fûn op it Noardseestrân fan Skiermûntseach. It giet om grutte flessen fan 2 en 3 liter. It guod is noch goed drinkber. De flessen komme fan in Ingelske firma dy't in pear wiken lyn op see in tal konteners ferlear.

Earder dizze wike spielde al guod oan dat út deselde kontener kaam. It gong doe om kompjûterskermen en koelkasten. De lading wie bestimd foar Súd-Afrika.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)