Enerzjy-adviseurs op 't Fean

© Roelof Lousma
Bewenners fan de wyk Hearrenfean-Midden krije moandei besite fan in e-team. Dat team mei enerzjy-adviseurs fan twa wenningstiftings jout de bewenners tips oer hoe't se it bêst enerzjy besparje kinne.
Ien fan de earste bewenners dy't it E-team oer de flier krige, wie de 90-jierrige frou Bouma. Sy hat sinnepanielen op it dak monteare litte. Harkje nei de reportaazje.