Noch hieltyd jildt de standstill

09 apr 2003 - 00:00

De stand-still dy't foar de plomfee jildt wurdt foarearst noch net opheft. Lânbouminister Veerman praat de Twadde Keamer woansdeitemoarn by oer it lêste nijs fan de fûgelpest. In eventuele feroaring fan de regels wurdt net earder as woansdeitemiddei ferwachte.

Mooglik krije plomfeehâlders dy't troch de fûgelpest minder ynkomsten ha ekstra stipe fan de Europeeske Kommisje. Veerman hat der mei Eurokommissaris Fischler fan Lânbou oer praat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)