Spul oer in stik grien

09 apr 2003 - 00:00

Ynwenners fan Goutum ha spul mei it kolleezje fan Ljouwert oer in stik grien. De stêd hat de boargers frege har sechje te dwaan oer de nijbou yn Ljouwert-Súd. Mei de mieningen hat de gemeente neat dien.

Yn in nota steane de winsken fan beide partijen. Se binne it net iens oer in stik grien. De Goutumers wolle in flink stik grien tusken har huzen en de nijbou. Ljouwert hâldt fêst oan de 100 meter dy't earder as grins oanjûn wie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)