Lânsadvokaat helpt op Skier

09 apr 2003 - 00:00

Skiermûntseach hat help frege fan de lânsadvokaat yn de kwestje om it gemeentehûs. De plysje jout de gemeente dizze moanne noch de tiid om akkoart te gean mei nijbou fan it gemeentehûs. Oars tsjinnet de plysje in skeaclaim fan 200.000 euro yn. Se soenen ek ûnderdak krije yn it nije gebou.

De gemeente karde nijbou ôf om't it te djoer wie. Fan de 2,5 miljoen euro soe. de plysje 800.000 euro foar syn rekken nimme.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)