Lêste dei ljipaaisykjen

© Omrop Fryslân
Fan tiisdeinacht ôf meie der gjin ljipaaien mear socht wurde. It seizoen sit derop en de neisoarch kin begjinne. De ljippen ha net sa bêst lein dit jier. It wie te droech en te kâld. In soad aaien binne der ek net fûn.
Neffens it bûn fan fûgelwachters sil de ljip har takom jier wol wer herstelle. It legere tal ljipaaien hat neffens it bûn neat te krijen mei it feit dat yn Frankryk alle jierren sa'n 435.000 ljippen ôfsketten wurde.