Mear problemen troch stand-still

© Omrop Fryslân
Plomfeehâlders krije hieltyd gruttere problemen mei it sûnhâlden fan de hinnen. De stallen reitsje oerfol, omdat der gjin bisten transportearre wurde meie. Dizze saneamde stand-still maatregel is tiisdeitemiddei troch it ministearje fan Lânbou ferlingd.
Foaral foar grutte plomfeehâlders, dy't hinnen fokke foar de aaieproduksje, wurde de problemen grut. It is ek hieltyd dreger om oan aaien te kommen. Bakkerijen krije dêrtroch ek problemen.