Bewegingsparkoers yn Drachten

© Omrop Fryslân
In klimmuorre, mountainbike trail en krúsbôgesjitten: dat binne in pear ûnderdielen fan it bewegingsparkoers dat tiisdei yn Drachten hâlden is. It parkoers wie opset om ynwenners fan Smellingerlân fan 15 jier en âlder mear oan it bewegen te krijen.
Tiisdei besochten 160 skoalbern it parkoers al út. Der steane noch mear aktiviteiten op it programma, lykas in fytstocht, in survivaltocht en in beachvolleybaltoernoai.