Oanpassings oan Jouster skûtsje

© Omrop Fryslân
It SKS-skûtsje fan De Jouwer is wer klear foar de wedstriden. Ferline wike is de boaiem folslein flak makke en binne nije spanten yn it skip kaam. De Kommisje 2000 hat it skip no goedkard.
It ôfrûne seizoen waard De Jouwer út it klassemint fan 2002 helle omdat de boaiem net neffens de regels wêze soe. Baint Kramer, de skipper dy't ferline jier ynfoel, sil ûnder skipper Allard Syperda as adviseur op it skûtsje werom komme.