Farsk skriuwt oer Winaam

08 apr 2003 - 00:00

Farsk, it literêre ynternettydskrift, hat in earste Farskskrift útjûn. It nûmer, dat op ynternet en op papier ferskynt, giet oer it doarp Winaam. Yn it boekje fan hast 30 siden steane fersen fan Wilco Berga, Jabik Veenbaas, Abe de Vries en Albertina Soepboer. Ferhalen binne der fan Aggie van der Meer en Jantsje Post.

Farskskrift is útjûn troch Bornmeer yn Ljouwert. Doel is om jierliks fjouwer oant acht ôfleveringen te meitsjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)