Leechste lêsten op It Amelân

08 apr 2003 - 00:00

Op It Amelân binne de bewenners it minst kwyt oan gemeentlike wenlêsten. Dat docht bliken út in ûndersyk fan de Ryksuniversiteit yn Grins. Dêryn is besjoen wat Nederlanners betelje moatte oan har gemeente. Op It Amelân is dat 387 euro. Skarsterlân stiet op in tredde plak mei 447 euro.

De djoerste gemeente yn Nederlân is Abcoude. Dêr drage de ynwenners 1267 euro ôf oan har gemeente.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)