Lotting Intertoto bekend

© Omrop Fryslân
Hearrenfean stridet mei Willem II en FC Utrecht om twa plakken yn de Intertoto. Dat hat de KNVB bekendmakke. De twa ploegen dy't de kompetysje it heechst ôfslute, dogge mei oan de Intertoto.
De heechst klassearde ploech begjint op 19 july yn de tredde ronde fan de Intertoto, de nûmer twa begjint twa wike earder tsjin in Switsersk of in Lets team. Fan de trije mooglike dielnimmers is Hearrenfean no de leechst klassearde.