Fortuynflage yn Dokkum makke

© Omrop Fryslân
De Dokkumer Flage Sintrale set begjin oare wike útein mei de produksje fan in Pim Fortuynflage. De bruorren fan de fermoarde politikus ha it inisjatyf naam foar sa'n flage, mei de byltenis fan Fortuyn derop. Se hoopje dat safolle mooglik minsken him op de stjerdei fan Fortuyn útstekke.
De flage kostet 25 euro en is fia ynternet te krijen. De flagesintrale wit noch net hoefolle fan de flagen se meitsje sille.