Douna wreidet út

07 apr 2003 - 00:00

Masjinefabryk Douna yn Ljouwert hat in nije festiging iepene, yn Zaanstad. De fabryk hjit Zaanse Precisie Machinefabriek en is spesjalisearre yn freze, slypje en assemblaazje.

Direkteur Huiskes ferwachtet mei it twadde fabryk yn in koartere tiid masjines en apparaten bouwe te kinnen foar yndustriële produksje. De omset fan Douna gie ferline jier omheech oant acht miljoen euro. It bedriuw tinkt dit jier op tsien miljoen út te kommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)