Sedemisdriuw yn Ljouwert

07 apr 2003 - 00:00

De plysje hat sneintejûn yn Ljouwert sân jongemannen oanholden. Se wurde derfan fertocht dat se belutsen binne by in sedemisdriuw tsjin twa minderjierrige famkes. Dat is bard yn de nacht fan sneon op snein.

Twa huzen yn Ljouwert binne trochsocht. It ûndersyk rint noch. De plysje moat de fertochten noch hearre en fierder wurdt noch technysk ûndersyk dien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)