Banen fuort by Philips Drachten

07 apr 2003 - 00:00

By Philips yn Drachten geane nei 2005 nei alle gedachten hûnderten banen ferlern. In wurdfierder fan it Philipskonsern yn Eindhoven hat dat befestige. Philips sil in part fan de produksje ferpleatse nei Sina, dêr't in fabryk yn Zhuhai stiet.

Yn febrewaris 2002 makke Philips al bekend dat it de produksje fan trijekops-skearapparaten nei Sina ferpleatse woe. Dat soarge doe foar ûnrêst ûnder it personeel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)