Harkemase Boys koprinner

© Omrop Fryslân
De Harkemase Boys binne dit wykein koprinner wurden yn de haadklasse C. De Harekiten wûnen sneontejûn dik fertsjinne mei 3-0 fan Urk. Konkurrint Putten ferspile twa punten. Tsjin Urk skoarden Sander Hartman (2 kear) en Jan Oppedijk.
Der wiene sa'n 1400 taskôgers yn Sportpark De Bosk. Hjirnei stiet de Fryske derby tusken de Drachtster Boys en de Harkemase Boys op it programma.