Grutte plannen foar Penjum

06 apr 2003 - 00:00

It doarpke Penjum hat grutte plannen. Der wurdt hurd wurke oan de realisaasje fan ûnder oare in jeugdhonk en in sportterrein mei tennisbaan en basketballfjild. Doarpsbelang hat in wurkgroep ynsteld, dy't alles útwurket.

De ideeën komme út in leefberens- ûndersyk dat hâlden is ûnder de 660 ynwenners fan Penjum. De earste faze fan it projekt, it rekreaasje- sportfjild, is begrutte op 34.000 euro. In grut part fan it jild is al binnen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)