Galerys ek iepen yn museumwykein
Acht keunstgalerys yn Ljouwert hawwe besletten takom wike, krekt as alle museums, de doarren te iepenjen. Takom wykein wurdt it lanlike museumwykein hâlden. It is foar it earst dat de galerys der ek oan mei dogge.
Foar dit doel hawwe de galerys in spesjale flagge oanskaft. De galerys sitte allegear yn de binnenstêd fan Ljouwert.